Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.
Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.
‘Spjalt’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
‘Op it spoar’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.
Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.
‘Alde freonen’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
Op freed 16 desimber organisearret Dichterskollektyf RIXT in Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.
De workshops fan de Dichter fan Fryslân binne in grut sukses. Alle fergese skoaloptredens wienen binnen de koartste kearen fersein. Fan oktober dit jier o/m jannewaris takom jier sil de Dichter fan Fryslân op besite by 13 basisskoallen yn Fryslân om te fertellen oer hoe moai ’t poëzij wêze kin.
‘Tongebrekker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân.
Poëzy kin folle mear wêze as in aardich ekstraatsje. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, lit sjen hoe’tst poëzy ynspirearjend en boartlik ynsette kinst op skoalle by it oanlearen fan feardichheden en kennisoerdracht. “Poëzy is in moaie jas dy’t altyd past, en kinst leare om dy jas sels oan te dwaan.”
Nyk de Vries betinkt as dichter, skriuwer en muzikant hyltyd nije foarmen en wurket dêryn graach gear mei oare keunstners. Hy gie as Dichter fan Fryslân op blokfluit-Alvestêdetocht en makke poëzyfideo’s. De FryslânDOK ‘NYK’, filme troch Herman Zeilstra, is te sjen op 3 septimber bij NPO2 en op 4 septimber by Omrop Fryslân.
‘De wierheid’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
Tongersdei 7 july sil de Dichter fan Fryslân tegearre har nijste Dichter fan Fryslân-gedicht ‘Swalker’ foarlêze op it Boskpodium yn Obe.
‘Swalker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
‘Wjuklam’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma is útnûge foar in literêr festival op Sardinië. Dat hearde se tiisdeitejûn by in besite fan in delegaasje fan Italiaanske taalminderheden oan Fryslân.
Op tiisdei 12 april sil Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân in gedicht foardrage oan in delegaasje fan de Nederlânske ambassade fan Rome en Dutch Culture.
‘Helden’, it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân, RIXT en literêr tydskrift ‘de Moanne’.
Op freed 29 april iepent de Dichter fan Fryslân in útstalling fan de Kunstacademie Friesland.
Tegearre mei har kollega-dichters fan Rixt, stiet de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, no snein 13 maart yn kafee De Basuin yn Ljouwert.
‘Klútsjes’, it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, op de webside fan Omrop Fryslân en de spesjale bylage fan de Leeuwarder Courant oer ‘ferbining’.
Omrop Fryslân stjoert op twadde krystdei in special út rûnom de poëzyfilms fan Dichter fan Fryslân 2019-2021, Nyk de Vries.
Ofrûne freed waard Sigrid Kingma feestlik beneamd ta Dichter fan Fryslân 2021-2023. ‘Trui’ is it earste gedicht dat sy as Dichter fan Fryslân skreau. Oer de hieltyd heger wurdende gasprizen.
Sigrid Kingma (Drachten, 1989) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Sigrid Kingma folget dêrmei Nyk de Vries op dy’t hjoed mei de presintaasje fan in nije dichtbondel ôfskied naam fan syn funksje as Dichter fan Fryslân.
Nettsjinsteande de pandemy en de tichtplicht bloeide it Fryske literêre fermidden yn de ôfrûne twa jier. Der ferskynden ferskate dichtbondels, Explore the North wist in tal ynteressante produksjes op poaten te setten en de dichterskollektiven Rixt en Dichter bij Leeuwarden sloegen harren wjukken fierder út mei prachtige projekten, lykas in gearwurking mei Deenske dichters en in bondel dy’t troch hiel Ljouwert hûs oan hûs ferspraat waard.
Juster gie op Omrop Fryslân TV de lêste fan in seary fan sân poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze lêste poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.
No snein 7 novimber giet de lêste poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Dizze nijste en lêste poëzijfideo is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat de ôfrûne twa jier ferskate gedichten ferfilme. Nyk jout in live optreden dêr’t syn filmwurk yn te sjen is.
Hjoed ferskynde alwer it lêste gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Diskear in gedicht spesjaal yn it teken fan Rôze Sneon.
Op freedtemiddei 12 novimber om 16:00 oere wurdt tidens Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert.
De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’.
No snein 3 oktober giet op Omrop Fryslân TV de sechde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre.
Yn it wykein fan 28 en 29 augustus bringe de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries en de fjouwer blokfluitisten fan it Cohda Kwartet mei in bysûnder programma fan muzyk en poëzij in besite oan de alve Fryske stêden. It earste konsert fynt plak op sneontemoarn yn teater De Bres yn Ljouwert. Fia bysûndere lokaasjes […]
Juster gie op Omrop Fryslân TV de fyfde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fyfde poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Maitiid’. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier sille der meardere […]
Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân? Novimber dit jier wurdt bekend makke wa’t Nyk de Vries, de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân, opfolget. Deputearre Steaten hawwe in advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. Dêryn sitte Cilla Geurtsen, Annemary Lindeboom en Tsead Bruinja. Ien kear yn de twa jier wurdt in nije dichter fan […]
Snein 11 july giet der wer in poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Maitiid’.
Hjoed yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.
Spesjaal foar Poetry International makke Nyk de Vries, tegearre mei it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet, de poëtyske muzykfoarstelling ‘TAGELYK’.
Freed 28 maaie, in dei foar de Nationale Boekenweek, ferskynt der in nije útjefte fan Nyk de Vries, in blomlêzing mei de moaiste proazagedichten fan de Dichter fan Fryslân mei yllustraasjes fan Willie Darktrousers, alias Emiel Joormann.
Juster gie op Omrop Fryslân TV de fjirde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fjirde poëzijfilm, in film mei Sinan Cihangir, is in ferfilming fan it gedicht ‘Spegel’.
Snein 25 april giet der wer in poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV.
Hjoed yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. It gedicht ‘Maitiid‘, in maitiidsgedicht wêryn’t de Dichter fan Fryslân û.o. de relaasje tusken taalferskaat en bioferskaat oanjout. It yngripen yn it lânskip kin liede ta it ferdwinen fan […]
Op sneon 20 maart is it Kletterdei en sille de 11Fountains, in keunstprojekt fan Leeuwarden-Fryslân 2028, yn ‘e alve Fryske stêden wer kletterje.
Juster gie op Omrop Fryslân TV de tredde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De tredde poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Asman’.
Snein 28 febrewaris giet der wer in poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Asman’ en is ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.
Op snein 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaledei. It NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) makket foar dit jier in meartalige fideokompilaasje fan sprutsen kulturiele uterings yn lytse talen.
It gedicht ‘Ferkâlden / Verkouden’ fan Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, is opnommen yn de blomlêzing ‘Mijn overbuurvrouw is een meeuw’, in blomlêzing út de ynstjoerings op coronagedicht.nl.
Op 28 jannewaris, nasjonale gedichtedei, hawwe Merk Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature yn Ljouwert it mienskiplik projekt ‘Wjerspegelje’ lansearre. Yn Post-Plaza waard it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries ûntbleate, dat dêr diel fan útmakket. ‘Wjerspegelje’ brûkt it ferplichte 20-sekonden-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.
Diskear, op Gedichtedei, in gedicht dat de ôftraap foarmet fan it projekt ‘Wjerspegelje’ wêrby’t koarte gedichten plakt wurde op spegels yn de hoareka fan Ljouwert.
Tidens de wike fan de poëzij, op lanlike Gedichtedei, tongersdei 28 jannewaris, bringt Poetry International alle dagen oanslutend op it nijs fan acht oere ‘Poetry on Impact’.
Juster gie op Omrop Fryslân TV de earste fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre.
Op tongersdei 9 desimber wurdt oan de Skrâns yn Ljouwert in nije poëzijstien lein mei in gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân.
Op snein 20 desimber giet der wer in nije poëzijfideo yn premjêre op Omrop Fryslân TV.
Juster gie op Omrop Fryslân TV de earste fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre.
Snein 8 novimber giet de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre.
Sneon 24 oktober treedt Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân op tidens it Versopolis X Felix Poetry Festival.
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries docht dit jier mei oan de tsiende edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie yn Brussel.
Wêrom kinne literatuer en poëzij sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân jout it antwurd yn in literêr lesprogramma op it online DRONGO Talenfestival.
Op woansdei 7 oktober is Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân te gast op WoW fan Dichter bij Leeuwarden. De jûn begjin om 19:30. Oanmelde fia de Facebook-side fan Dichter bij Leeuwarden.
Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, is úteinset mei in tour by middelbere skoallen yn Fryslân del. As earste wie hjoed it Terra Wolvegea oan bar. Yn ‘e rin fan it skoaljier folgje noch sa’n 20 oare lesoptredens op ferskate middelbere skoallen rûnom yn ‘e provinsje.
De earste skoallen hawwe har oanmelden foar in literêr lesprogramma fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân.
Nyk de Vries is ien fan de hast 70 dichters dy’t meidocht oan de alternative edysje fan Dichters in de Prinsentuin. It festival fynt dit jier plak yn it wykein fan 10 o/m 12 july.
Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat.
Nyk de Vries, nimt as Dichter fan Fryslân, in sit yn de sjuery fan de ultrakoarte ferhalewedstriid fan literêr tydskrift Ensafh.
De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, skreau trije proazagedichten foar de tentoanstelling ‘Oog in oog met de oorlog’ fan it Fries Museum.
Tongersdei 14 maaie is Nyk de Vries tegearre mei Piter Wilkens te gast yn ‘Cultuur aan huis’ fan PodiumTV.
Freed 24 april wie it gedicht ‘Anne en Arie’ fan Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, te sjen yn ‘Fryslân fan Boppen’.
Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ in gedicht dat oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen útskreaun wurde sil.
It is Wrâld Poëzijdei en hjoed om 15:00 oere iepenet de Dichter fan Fryslân it nije online kultuerpoadium fan Leeuwarden-Fryslân 2028.
Hjoed yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân.
Op de earste dei fan de Boekewike, no sneon 7 maart om 15:00 oere, begjint de earste ôflevering fan Bomen over Boeken fanút de Bosthalte yn Amstelveen.
Nei it sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt der dit jier op tiisdeitejûn 21 april wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. It diktee wurdt diskear skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.
Hjoed giet de poëzijwike los mei de Nasjonale Gedichtedei. Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, skreau spesjaal foar dizze dei it gedicht ‘Unwis’.
Mei in oplage fan 77.000 stiks slút Eeltsje Hettinga syn dichterskip as Dichter fan Fryslân ôf en bringt er mei in grutte seleksje fan syn Dichter fan Fryslân-gedichten de poëzij oan ‘e doarren.
Nyk de Vries is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op dy’t hjoed ôfskied naam fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.
De advyskommisje rekommandearret Nyk de Vries oan as de opfolger fan de Dichter fan Fryslân foar de perioade novimber 2019 oant en mei novimber 2021. Lês it advysrapport fan de advyskommisje Dichter fan Fryslân 2019 – 2021.
Utnûging! Op tongersdei 21 novimber om 15:30 oere binne jo fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de feestlike ynstallaasje fan de nije Dichter fan Fryslân. De offisjele beneaming troch deputearre Sietske Poepjes fynt plak yn de ‘Stadskas’ op it Aldehoustertsjerkhôf, tidens it Explore the North Festival yn Ljouwert.
By it meartalige literatuer- en muzykfestival Explore the North dat dit wykein yn Ljouwert holden wurdt, is it Frysk totaal eliminearre. De Fryske literatuer blykt sa goed as ûnsichtber. Mei skriuwers en dichters as A.H.J. Dautzenberg, Kristien Hemmerechts, Dean Bowen en Jelle Brandt Corstius – op himsels nammen fan kwizekwânsje – slacht de Nederlânsktalige literatuer […]
Op de Jorwerter pastorij, dêr’t hjoed-de-dei skriuwer Geert Mak wennet, kaam yn de dagen dat dominy Cornelis Hille Ris Lambers dêr, begjin 20ste ieu, syn domisylje hie, alderhande folk del, fan de bern fan de kommunistyske predikant Benjamin Boers fan Reduzum oant en mei Oene Noordenbos, de lettere oprjochter fan de PSP (Pacifistisch Socialistische Partij). […]
De biografy ‘Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869′ fan kultuerhistoarikus en letterkundige Alpita de Jong krige it ôfrûne jier loovjende resinsjes: in fiifstjerreresinsje yn NRC-Handelsblad, lof en hulde yn Trouw en op Biografieportaal. Soartgelikense lofprizings by literatuerresinsint Jelle van der Meulen. Dochs krige de biografy dit jier gjin nominaasje foar de […]
Wêr is Aggie van der Meer de dichteres yn de dokumintêre dy’t Bart Kingma fan Omrop Fryslân oer de Gysbert Japicxpriiswinner fan dit jier makke? Wêr de fragminten dêr’t de skriuwster sels yn foarlêst – proaza of poëzy – of de deklamaasje derfan troch in oar, ien fan har bern bygelyks? Wêr in koart wurd oer har motiven, tematyk en styl fan skriuwen?
‘Wêr bliuwe de prozaïsten’, freget de redaksje fan it algemien opinytydskrift de Moanne yn in koartby publisearre oprop dêr’t Fryske skriuwers om in bydrage frege wurdt oer de bining mei de werklikheid.
Peter Handke hat dit jier de Nobelpriis foar literatuer krigen “foar syn ynfloedryk wurk dat mei taalkundige fernimstigens de rânen en sinnichheden fan de minslike ûnderfining ûndersiket,” sa’t de sjuery fan de Sweedske Akademy dat omskriuwt.
Gerrit Hiemstra, de waarman en meteorolooch dy’t moarn yn de Steateseal yn it Provinsjehûs yn Ljouwert de njoggende Rede fan Fryslân hâldt, is derfan oertsjûge dat it klimaat feroaret yn in ferûntrêstigjend hurd tempo, mei navenant alle gefolgen. Foar en nei de Rede lês ik in tal gedichten, ûnder mear it gedicht ‘It sonken Waad’.
Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei syn gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns. Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht ‘Nachtspraak’ presintearje.
Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Dizze wike mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei […]
In de sculpturen, installaties, tekeningen, foto’s en readymades van Astrid Nobel (1983) spelen tijd, natuur en geschiedenis een essentiële rol. Een belangrijk onderwerp in haar werk is het waddengebied, in het bijzonder Ameland waar ze opgroeide. Het vaak als idyllisch ervaren gebied wordt echter op allerlei manieren bedreigd. Zand, afkomstig van de Noordzeekust, is het […]
Heal april ferstoar Hessel Miedema, skriuwer, dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan keramykmuseum Princessehof. Miedema is de fader fan de moderne neioarlochske poëzy yn Fryslân. Syn wurk wie baanbrekkend en grinsferlizzend. Gedichten as ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ binne hichtepunten yn de Fryske literatuer.
Hy is de fader fan de moderne nei-oarlochske Fryske poëzy, Hessel Miedema. De ferline wike ferstoarne dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan Keramykmuseum Princessehof skreau ûnder mear ‘de greate wrakseling’ en ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’, baanbrekkende poëzy, hichtepunten binnen de Fryske literatuer. In skôging by wize fan in memoriam.
Tiisdei 28 maaie treedt de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, op tidens ‘Panorama Nederland’ yn de Kânselerij yn Ljouwert.
Iepening solotentoanstelling ‘The ground from under my feet’ fan Astrid Nobel (1983) yn galery melklokaal op it Hearrenfean troch Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.
Foardracht fan it gedicht ‘Skip fûgel lân’ foar in BNN-VARA dokumintêre oer de kontenerramp mei it frachtskip MSC-Zoë.
Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.
Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.
Hjoed yn de LC-rubryk ‘Moanne fan it Fryske boek’ in skriuwen oer de Fryske poëzy en in tal belangrike dichters. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel. “De Fryske literatuer stiet oer alle boegen ûnder druk. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it […]
It gedicht ‘Woede’, hjoed o.m. ek te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en by Omrop Fryslân, is skreaun nei oanlieding fan de oanslach yn Utrecht en de útslach fan de ferkiezings, in swarte dei dêr’t de maitiid juster op World Poetry Day mei úteinsette.
Ein maaie ferskynt ‘Ryzji yn it Frysk’, in mei de hân ynbûne, twatalige [Nederlânsk-Frysk] bibliofile útjefte, mei gedichten fan de Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), oerset troch Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus.
Boppe de Waadeilannen rint ien fan de drokste skipsfeartrûtes fan Europa. De kâns op ûngelokken is net lyts. Begjin jannewaris gie it mis doe’t it Panamese frachtskip MSC Zoë 345 konteners mei gefaarlike stoffen en plestik rotsoai ferlear. In ekologyske ramp.