‘Unwis’ – Lêste poëzijfideo Dichter fan Fryslân 2019 – 2021 yn premjêre

08/11/2021

Juster gie op Omrop Fryslân TV de lêste fan in seary fan sân poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze lêste poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra binne sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier waarden der meardere poëzijfideo’s útstjoerd fia Omrop Fryslân TV.

De fideo’s binne ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, Leeuwarden-Fryslân 2028, de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en de webside fan Omrop Fryslân.

 

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.