Martsje de Jong wint Fryske SLAM 2024!

28/06/2024

Martsje de Jong krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024. Dêrmei waard sy de bêste poëzijslammer fan 2024. Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers foar kafee De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, organisearre tegearre mei Gabrielle Terpstra de twadde edysje fan de Fryske SLAM, in poêzij foardrachtswedstriid mei diskear Marije de Lange, Kees de Vries, Carla van der Zwaag, Karst Tjoelker, Lara Kool, Sigrid Kingma, Martsje de Jong, Tamara Feddema, Ypie Bakker en titelferdigener Syds Wiersma, winner fan de Fryske SLAM 2023. It muzikaal yntermezzo waard fersoarge troch de Ladybirds.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.