Reglemint

Haadstik I Nominaasje en beneaming Dichter fan Fryslân
 
Kêst 1 Dichter fan Fryslân
1. Deputearre Steaten beneame ien kear yn ‘e twa jier in Dichter fan Fryslân, nei’t sy advys frege hawwe fan de advyskommisje.
2. De Dichter fan Fryslân makket yn it ramt fan it stimulearjen fan de keunstfoarm Frysktalige poëzy op syn minst seis Frysktalige gedichten jiers en jout op syn minst twa optredens as Dichter fan Fryslân.
3. De Dichter fan Fryslân docht him/har foar as poëtysk ambassadeur, wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn/har poëzy en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân.
4. Ta Dichter fan Fryslân kinne net beneamd wurde persoanen dy’t:
– earder Dichter fan Fryslân west hawwe
– in nauwe saaklike of famyljerelaasje of dêrmei ferlykbere relaasje hawwe of resintlik hân hawwe, dêrûnder begrepen, mar net beheind ta, houlik, registrearre partnerskip, net troud byinoar wenjen en bloed- en sweagerskip oant yn de tredde graad mei in lid fan de advyskommisje;
– wurknimmer of bestjoerder fan de provinsje binne

Kêst 2 Nominaasje
1. De advyskommisje bringt op basis fan it yn it twadde lid neamde kritearia in skriftlik advys út mei dêryn in foardracht ta beneaming fan de Dichter fan Fryslân oan deputearre steaten.
2. De advyskommisje beoardielet op de neikommende kritearia:
a. kwaliteit;
b. eigensinnigens en orizjinaliteit;
c. meartaligens;
d. performance;
e. organisatoaryske feardichheden;
f. besibbens mei byldzjende keunsten of oare keunstfoarmen.
3. De advyskommisje motivearret har foardracht en giet dêrby yn op alle yn lid twa neamde kritearia.

Kêst 3 Beneaming
1. Deputearre Steaten beslute op basis fan de foardracht fan de advyskommisje oer de beneaming fan de Dichter fan Fryslân.
2. Yn bysûndere gefallen kinne deputearre steaten beslute gjin Dichter fan Fryslân te beneamen.

 

Haadstik II De advyskommisje
 
Kêst 4 De advyskommisje en har gearstalling
1. De advyskommisje hat as taak om deputearre steaten te advisearjen oer de beneaming fan de Dichter fan Fryslân.
2. De advyskommisje bestiet út op syn minst trije en op syn heechst sân leden. De advyskommisje kiest út har midden in foarsitter.
3. De advyskommisje bestiet út saakkundigen op it mêd fan (Fryske) poëzy, literatuer en kultuer. Mei-inoar beskikt de advyskommisje oer in brede kennis fan it folsleine dichterlike fjild yn de provinsje Fryslân.
4. De leden fan de advyskommisje wurde troch deputearre steaten beneamd, tydlik út it amt set en ûntslein.
5. De foarsitter en de leden wurde beneamd foar in troch deputearre steaten fêststelde termyn, om de yn it earste lid neamde taak út te fieren. De leden kinne ienris op ‘en nij beneamd wurde.
6. De leden fan de advyskommisje advisearje ûnôfhinklik en sûnder lêst of oerlis.
7. Foar safier’t de advyskommisje by it útfieren fan har taken de beskikking kriget oer gegevens dêr’t sy it fertroulike karakter fan kenne of witte moatte soenen, is sy ferplichte ta geheimhâlding fan dy gegevens, útsein it iepenbier meitsjen hjirfan ferplichte is op grûn fan in wetlik foarskrift of foar it útfieren fan har taken.
8. De leden fan de advyskommisje krije in fergoeding foar harren wurk en reis- en ferbliuwskosten neffens it Rechtspositiebesluit decentrale politieke ambtsdragers.
9. It lidmaatskip fan de advyskommisje hâldt op
a. by ûntslach fan it oanbelangjende lid
b. by it ôfrinnen fan de beneamingstermyn
c. by it ferstjerren fan it oanbelangjende lid
d. as de partidigens fan in lid nei it oardiel fan deputearre steaten oan ‘e oarder wêze kin.
10. De ôfgeande leden fan de advyskommisje nimme harren funksje waar oant yn de opfolging foarsjoen is.

Kêst 5 Gearkomsten en beslútfoarming
1. De advyskommisje komt sa faak byinoar as de foarsitter fan de advyskommisje dat nedich achtet, mar minimaal twa kear binnen de beneamingstermyn fan de advyskommisje.
2. De advyskommisje rieplachtet en beslút efter sletten doarren oer it troch har út te bringen advys.
3. De foarsitter ropt de leden skriftlik of fia elektroanyske wei byinoar, mei it neamen fan dei, tiid en plak fan gearkommen.
4. De foarsitter soarget derfoar dat, útsein driuwende gefallen, de stikken, dy’t te krijen hawwe mei de te behanneljen ûnderwerpen, op syn minst sân dagen foar de gearkomste oan de leden tastjoerd wurde.
5. De advyskommisje beslút by mearderheid fan stimmen oer it út te bringen advys. As by in stimming de stimmen stake, beslút de stim fan de foarsitter. As de minderheid dat freget wurdt fan in minderheidsstânpunt by it advys melding makke.

Kêst 6 Sekretariaat
1. Deputearre steaten foarsjogge ta stipe oan de advyskommisje yn it sekretariaat.
2. It sekretariaat hat yn alle gefallen de neikommende taken:
a. de administrative tarieding fan de gearkomste;
b. it tastjoeren fan de gearkomstestikken;
c. it opstellen fan ferslaggen fan de gearkomsten.

 

Haadstik III Slotbepalings
 
Kêst 7 Fan krêft wurden
1. Dizze regeling wurdt mei yngong fan de datum fan útjefte fan it Provinsjaal Blêd, dêr’t sy ynstiet, fan krêft.
2. De Regeling Dichter fan Fryslân wurdt ynlutsen.

Kêst 8 Siteartitel
Dizze regeling wurdt oanhelle as: Regeling Dichter fan Fryslân 2019.