Nyk de Vries

Dichter fan Fryslân 2019 - 2021

Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is dichter, skriuwer en muzikant. Hy sette útein as sjonger  fan de band ‘The Amp’ en lei him yn Grins tidens in stúdzje skiednis ta op it skriuwen. Yn De Blauwe Fedde, in tiidskrift oprjochte tegearre mei Meindert Talma, ferskynden syn earste proazagedichten, dy’t yn 2008 bondele waarden yn ‘Motorman’. Yn dyselde jierren wûn er it Belcampo Stipendium. Syn twadde bondel ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’ waard nominearre foar de J.C. Bloemprijs.

Dêrfoar skreau er de romans ‘Rezineknyn’ en ‘Prospero’. Yn 2015 folge troch ‘Renger’, in autobiografyk boek mei fantastijrike eleminten, werkenber fan syn proazagedichten. ‘Renger’ wûn de Piter Jelles Priis en waard nominearre foar de Gysbert Japicx Priis 2019.

By syn performances brûkt Nyk gauris muzyk en byld. Fan ‘Renger’ en syn proazagedichten makke er harkspulbewurking foar de VPRO-radio. Foar Omrop Fryslân makke er de radiorubryk ‘De Minút fan Nyk’ dat nominearre waard foar de NL-Awards. Nei syn optreden op Poetry International 2010 treedt er ek gauris yn it bûtelân op. Fanôf 2019 as ûnderdiel fan it Europese projekt Versopolis. Resint wurke er tegearre mei skilder Tjibbe Hooghiemstra yn de foarstelling ‘Wâldman’.

Sûnt 2008 wennet Nyk de Vries yn Amsterdam. As dosint Creative Writing is er ferbûn oan ‘e keunstakademy Artez yn Arnhem. Hy skriuwt beide yn it Frysk en it Nederlânsk.

www.nykdev.nl


Foto: Reyer Boxem