De advyskommisje fan Dichter fan Fryslân bestiet dit jier út: Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en Tsead Bruinja.
Annemarie Lindeboom
Annemarie Lindeboom is sels dichter en oprjochter fan it wurdkeunstnersplatfoarm ‘Dichter by Leeuwarden’.
Cilla Geurtsen
Cilla Geurtsen is dosinte Nederlânsk en resinsint foar de Ljouwerter Krante. Ek wie hja foarsitter fan de Gouden Gurbe sjuery.
Tsead Bruinja
Tsead Bruinja wie Dichter des Vaderlands yn 2019 en 2020 en skriuwt gedichten yn sawol it Frysk as it Nederlânsk.