Nasjonale Gedichtedei

30/01/2020

Hjoed giet de poëzijwike los mei de Nasjonale Gedichtedei. Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, skreau it gedicht spesjaal foar dizze dei it gedicht ‘Unwis’. Foar de leafhawwers fan poëzy yn Nederlân en Flaanderen binne dizze wike tal fan aktiviteiten organisearre.

De wike begjint mei Gedichtedei. Fierdere hichtepunten yn de poëzijwike binne: de Grote Startshow in Antwerpen, it NK Poetry Slam, de Turing Gedichtenwedstrijd en de Awater Poëziepriis. Jierliks binne der allerhanne aktiviteiten dy’t poëzijleafhawwers op eigen ynisjatyf en op ferskate plakken yn Flaanderen en Nederlân organisearje. Sjoch op www.poezieweek.com foar mear ynformaasje.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.