Skoaltour Dichter fan Fryslân begjint yn Wolvegea

22/09/2020

Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, is úteinset mei in tour by middelbere skoallen yn Fryslân del. As earste wie hjoed it Terra Wolvegea oan bar. Yn ‘e rin fan it skoaljier folgje noch sa’n 20 oare lesoptredens op ferskate middelbere skoallen rûnom yn ‘e provinsje.

Mei de litertuer-dichtles wol Nyk de Vries sjen litte wêrom’t literatuer sa moai weze kin. “Ik begjin mei in ferhaal oer spikers en ús heit. Dêrmei wol ik sjen litte dat literatuer net oer ferheven dingen giet, mar oer gewoane dingen. De wrâld yn de boeken kin dy wat leare oer dyn eigen wrâld.”

Ek in fergees skoaloptreden boeke? Dat kin fia dizze link.

Eksposysje omslaggen Fryske dichtbondels: ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

04/07/2025

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. Dichter fan Fryslân Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.