Skoaloptreden

Dichter fan Fryslân op toer lâns basisskoallen yn Fryslân

Nûgje de Dichter fan Fryslân út by jim op skoalle!

Poëzij kin folle mear wêze as in aardich ekstraatsje. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, lit sjen hoe’tst poëzij ynspirearjend en boartlik ynsette kinst op skoalle by it oanlearen fan feardichheden en kennisoerdracht. “Poëzij is in moaie jas dy’t altyd past, en kinst leare om dy jas sels oan te dwaan.”

Oer

Tagonklik en ynspirearjend skoaloptreden

De Dichter fan Fryslân biedt twa ferskillende lesprogramma’s oer poëzy foar basisskoallen yn Fryslân. De lesprogramma’s bestean út in optreden en les yn ien. De Dichter fan Fryslân bringt learlingen en leararen op in tagonklike wize mei poëzij yn de kunde en lit sjen wat it effekt fan poëzij wêze kin.

Nûgje de Dichter fan Fryslân no alfêst út foar it nije skoaljier ’22-’23!

Lesprogramma’s en lesmateriaal

It skoaloptreden fan ‘e Dichter fan Fryslân is op twa manieren fergees te boeken:

  • Skoaloptreden Dichter fan Fryslân (workshopduer: 1 oere, of les op maat)
  • Filosofeare mei gedichten (workshopduer: 1 oere)

 

Skoaloptreden Dichter fan Fryslân

De les bestiet út in workshop en in tal foardrachten yn in ôfwikseljend programma mei meardere wurkfoarmen. De workshop wurdt op de skoallokaasje útfierd. Yn in workshop fan in oere komme ferskillende lessen en oanpakken foarby dy’t oanslute by sawol de kearndoelen foar Frysk as by taaloerstiigjende aktive en passive taalfeardigens. Yn oerlis oer de winsken fan de learaar is in les op maat mooglik. Fan oanslute by in tema, foardracht oant poëtyske wurkfoarmen foar grammatika en fan rymspultsjes oant folsleine gedichten skriuwe is fan alles mooglik.

 

Filosofeare mei gedichten

Yn in les fan in oere wurdt ynteraktyf filosofearre mei bern oan de hân fan in gedicht op ien fan de alve fonteinen fan Fryslân. De workshop is ornearre foar learlingen út groep 4 en heger. De les bestiet út in foardracht troch de Dichter fan Fryslân, in filosofearsesje op basis fan it gedicht mei in petearlieder en it opfieren fan it ferske ûnder muzikale begelieding fan Bruno Rummler.


NB.
De nedige materialen wurde foarôfgeand oan de les opstjoerd en/of fysyk meinommen op de dei sels. Der is gjin tarieding fan de learlingen fereaske foar de les.

Oanmelde