Rin tweintich Facebook-postings fan EtN nei en bliken docht dat der gjin wurd Frysk by sit. Fan itselde lekken in pak yn it op himsels fraaie, 70 siden tellende programmaboekje. De Frysktalige literatuer komt dêryn amper foar it ljocht.

De lêzer moat it dwaan mei de oankundiging fan de optredens fan twa Fryske dichters en in ferwizing nei in tentoanstelling oer de 19de-iuwske skriuwer Waling Dykstra yn taalpaviljoen Obe by de Oldehove.

 

Produksjehûs
Explore the North (EtN) presintearret himsels as in meartalich produksjehûs foar taal en literatuer. ‘We willen alle talen als gelijkwaardig beschouwen en de deuren naar de rest van de wereld opengooien.’

Dat is in loflik stribjen. Mar de lykweardigens fan talen is by dizze edysje fier te sykjen. Hawwe de Fryske dichters noch krekt in plakje taskikt krigen, foar de Fryske proazaskriuwer bestiet gjin inkelde romte.

By it festival, dat dit jier 150.000 euro stipe krijt fan de provinsje Fryslân, binne ûnder mear it kultureel opinytydskrift de Moanne en de Afûk belutsen.

De Afûk, dy’t de promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer op ’e noed hat, wurdt yn it programmaboekje mei trije tsjokke útroptekens tanksein. Mar wêrom eins as der by EtN gjin wurd Frysk te bekennen is?

 

Belevenisekonomy
Ek de Moanne wurdt alle lof taswaaid. It tydskrift, dat útjûn wurdt troch de Afûk, wijt yn it novimbernûmer mar leafst tsien siden oan de nijste edysje fan EtN. Ek dêryn gjin wurd Frysk.

Yn it nûmer sels gjin inkelde krityske noat oer de taalhâlding by de organisaaasje fan EtN. It moat fansels al leuk bliuwe. Navenant is it jargon by it oanrikkemandearjen fan it festival.

Yn de postings fan EtN op Facebook tilt it op fan eigenskipswurden as ‘fijn’, ‘leuk, ‘mooi’, ‘fantastisch’, ‘tof’ en ‘super’s, in soartemint fan little ponytaal dy’t opleuke is mei tûzen-en-ien ‘hoera’s’, ‘hoppa’s’ en ‘wow’s’.

It is in jargon dat past by de ‘festivalisearring’ fan de literatuer, sa’t dy ûnderdiel wurden is fan in neoliberale belevenisekonomy.

 

‘Sinjaaltaal’
Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde yn Grins, warskôge ferline jier yn de Fedde Schurerlêzing foar in ‘festivalisearring’ yn de Fryske kultuersektor.

Goffe Jensma by syn Fedde Schurerlêzing yn Tresoar

.

Hy is bang dat it Frysk redusearre wurdt ta in eksoatyske aardichheid. Festivals en musea yn Fryslân sette bygelyks in wurd as ‘húske’ op de doar fan de wc. Jensma rept fan datoangeande fan it begryp sinjaaltaal. De meartalichheid sels wurdt net struktureel trochfierd.

De heechlearaar priizge ferline jier it meartaligensbelied fan de provinsje, sterker, der soe neffens him mei faasje mei trochgien wurde moatte. ‘Mar,’ sei syn kanttekening, ‘it kin gjin ferfanging wêze foar belied oangeande it Frysk – de taal dy’t de Fryske meartaligens unyk makket.’

 

It gat fan ’e doar
Dat krityske boadskip hat de earen fan EtN net berikt. De ‘Explorers’ meie sizze dat ‘ze de deuren naar de rest van de wereld willen opengooien’, yn de praktyk wize se it Frysk en de Fryske literatuer it gat fan de doar.

En it kin noch briker, al wie it mar omdat yn de nije kultuernota Nij Poadium foar de jierren 2021-2024 grou fiif miljoen euro útlutsen foar de befoardering fan ‘in fanselssprekkend plak fan it Frysk yn it iepenbiere libben.’
.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân

" />

It taalskandaal fan Explore the North 2019

19/11/2019

By it meartalige literatuer- en muzykfestival Explore the North dat dit wykein yn Ljouwert holden wurdt, is it Frysk totaal eliminearre. De Fryske literatuer blykt sa goed as ûnsichtber.

Mei skriuwers en dichters as A.H.J. Dautzenberg, Kristien Hemmerechts, Dean Bowen en Jelle Brandt Corstius – op himsels nammen fan kwizekwânsje – slacht de Nederlânsktalige literatuer by Explore the North (EtN) oer alle boegen foar master op.

Rin tweintich Facebook-postings fan EtN nei en bliken docht dat der gjin wurd Frysk by sit. Fan itselde lekken in pak yn it op himsels fraaie, 70 siden tellende programmaboekje. De Frysktalige literatuer komt dêryn amper foar it ljocht.

De lêzer moat it dwaan mei de oankundiging fan de optredens fan twa Fryske dichters en in ferwizing nei in tentoanstelling oer de 19de-iuwske skriuwer Waling Dykstra yn taalpaviljoen Obe by de Oldehove.

 

Produksjehûs
Explore the North (EtN) presintearret himsels as in meartalich produksjehûs foar taal en literatuer. ‘We willen alle talen als gelijkwaardig beschouwen en de deuren naar de rest van de wereld opengooien.’

Dat is in loflik stribjen. Mar de lykweardigens fan talen is by dizze edysje fier te sykjen. Hawwe de Fryske dichters noch krekt in plakje taskikt krigen, foar de Fryske proazaskriuwer bestiet gjin inkelde romte.

By it festival, dat dit jier 150.000 euro stipe krijt fan de provinsje Fryslân, binne ûnder mear it kultureel opinytydskrift de Moanne en de Afûk belutsen.

De Afûk, dy’t de promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer op ’e noed hat, wurdt yn it programmaboekje mei trije tsjokke útroptekens tanksein. Mar wêrom eins as der by EtN gjin wurd Frysk te bekennen is?

 

Belevenisekonomy
Ek de Moanne wurdt alle lof taswaaid. It tydskrift, dat útjûn wurdt troch de Afûk, wijt yn it novimbernûmer mar leafst tsien siden oan de nijste edysje fan EtN. Ek dêryn gjin wurd Frysk.

Yn it nûmer sels gjin inkelde krityske noat oer de taalhâlding by de organisaaasje fan EtN. It moat fansels al leuk bliuwe. Navenant is it jargon by it oanrikkemandearjen fan it festival.

Yn de postings fan EtN op Facebook tilt it op fan eigenskipswurden as ‘fijn’, ‘leuk, ‘mooi’, ‘fantastisch’, ‘tof’ en ‘super’s, in soartemint fan little ponytaal dy’t opleuke is mei tûzen-en-ien ‘hoera’s’, ‘hoppa’s’ en ‘wow’s’.

It is in jargon dat past by de ‘festivalisearring’ fan de literatuer, sa’t dy ûnderdiel wurden is fan in neoliberale belevenisekonomy.

 

‘Sinjaaltaal’
Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde yn Grins, warskôge ferline jier yn de Fedde Schurerlêzing foar in ‘festivalisearring’ yn de Fryske kultuersektor.

Goffe Jensma by syn Fedde Schurerlêzing yn Tresoar

.

Hy is bang dat it Frysk redusearre wurdt ta in eksoatyske aardichheid. Festivals en musea yn Fryslân sette bygelyks in wurd as ‘húske’ op de doar fan de wc. Jensma rept fan datoangeande fan it begryp sinjaaltaal. De meartalichheid sels wurdt net struktureel trochfierd.

De heechlearaar priizge ferline jier it meartaligensbelied fan de provinsje, sterker, der soe neffens him mei faasje mei trochgien wurde moatte. ‘Mar,’ sei syn kanttekening, ‘it kin gjin ferfanging wêze foar belied oangeande it Frysk – de taal dy’t de Fryske meartaligens unyk makket.’

 

It gat fan ’e doar
Dat krityske boadskip hat de earen fan EtN net berikt. De ‘Explorers’ meie sizze dat ‘ze de deuren naar de rest van de wereld willen opengooien’, yn de praktyk wize se it Frysk en de Fryske literatuer it gat fan de doar.

En it kin noch briker, al wie it mar omdat yn de nije kultuernota Nij Poadium foar de jierren 2021-2024 grou fiif miljoen euro útlutsen foar de befoardering fan ‘in fanselssprekkend plak fan it Frysk yn it iepenbiere libben.’
.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân

‘Lighten up, Kim Jong-un’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2024

‘Lighten up, Kim Jong-un’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

‘De oertocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

23/10/2024

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “‘Sykje mar út wat’sto ha wolst,’ rôp myn âldere kollega fan ûnderoan de trep. ‘Ik kom der dochs net mear oan ta om al dy bondels te werlêzen.’ Soks set my oan it tinken.”