Lêste poëzijfideo Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre

05/11/2021

No snein 7 novimber giet de lêste poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Dizze nijste en lêste poëzijfideo is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.

De fideo is te sjen om 17:50 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. De fideo is in dei letter ek te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, Leeuwarden-Fryslân 2028, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

Yn it fideoprojekt mei filmmakker Zeilsteen NL binne sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme en útstjoerd fia Omrop Fryslân TV.

In part fan de poëzijfilms sil ek te sjen wêze op it Noordelijk Film Festival tidens ‘Poëcinema’ op sneon 13 novimber yn Neushoorn. Der binne noch kaarten beskikber. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan it Noordelijk Film Festival.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.