Poëzijfilms Dichter fan Fryslân op Noordelijk Film Festival

02/11/2021

Sneontemiddei 13 novimber presintearret it Noordelijk Film Festival yn Neushoorn in NFF-special, mei trije projekten wêryn’t Fryske poëzy en film byinoar komme.

De Picture Poems fan Metafoor Media en Tresoar kombinearje in breed oersjoch fan de skientme en it ferskaat fan Fryske gedichten en nij wurk fan jonge filmmakkers. Bert Looper nimt dy mei op in reis troch de tiid. Anne Feddema draacht ien fan syn gedichten live foar, folge troch de ynterpretaasje fan de filmmakker. Der binne no 14 Picture Poems makke, twa nije films ha fannemiddei harren premjêre.

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat de ôfrûne twa jier ferskate gedichten ferfilme. Nyk jout in live optreden dêr’t syn filmwurk yn te sjen is.

It tredde projekt is it risseltaat fan it rike argyf fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Syds Wiersma, koördinator fan FFAA, gie op syk nei Fryske dichters dy’t har de lêste desennia oan it ferfilmjen fan harren poëzij weage hawwe.

POËCINEMA wurdt mei mooglik makke troch Ljouwert UNESCO City of Literature. Boek dyn kaartsje fan 1 novimber ôf fergees op de webside fan it Noordelijk Film Festival.

Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

25/05/2023

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

De Dichter fan Fryslân organisearret in Fryske SLAM!

03/05/2023

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.