FryslânDOK: ‘NYK’ – portret fan Dichter fan Fryslân 2019 – 2021 Nyk de Vries

30/08/2022

Nyk de Vries betinkt as dichter, skriuwer en muzikant hyltyd nije foarmen en wurket dêryn graach gear mei oare keunstners. Hy gie as Dichter fan Fryslân op blokfluit-Alvestêdetocht en makke poëzyfideo’s. De FryslânDOK ‘NYK’, filme troch Herman Zeilstra, is te sjen op 3 septimber bij NPO2 en op 4 septimber by Omrop Fryslân.

In soad fan it wurk fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan dêr’t er opgroeide, de Fryske Wâlden. As studint stoarte hy him fjoer yn de muzyk (The Amp en de band fan freon Meindert Talma) en begûn hy proaza en poëzy te skriuwen. Nyk de Vries wennet yn Amsterdam, syn wurk ferskynt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn resinte roman ‘Renger’ is ek as harkspul útbrocht troch de VPRO.

Nyk hâldt derfan gear wurkjen mei oaren. Yn 2019 wie dat mei byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn de foarstelling ‘Wâldman’, oer de tsjustere kearside fan it lânskip fan syn jeugd. As Dichter fan Fryslân makke Nyk tegearre mei filmer Herman Zeilstra acht poëzyfilms. Ien dêrfan is ‘Asman’, ta eare fan 150 jier stedsreiniging Ljouwert.

Yn ‘NYK’ lit regisseur Zeilstra fragminten fan dy poëzyfilms sjen. Ek reizget er mei mei de trein nei Kopenhagen, dêr’t Nyk optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen. Nyk giet op ‘blokfluit – Alvestêdetocht’ mei it Cohda-kwartet, wat útmûnet yn in fluwielen kombinaasje fan houten ynstruminten en poëzy. De film ‘NYK’ toant Nyk de Vries as in alsidich artyst, dy’t mei muzyk en taal, en as de ynnimmende persoanlikheid dy’t er no ienkear is, it ferhaal fan syn dichterslibben fertelt.

FryslânDOK: ‘NYK’ – portret fan dichter Nyk de Vries: sneon 3 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 4 septimber om 13.30 oere) Snein 4 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/07/2024

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Sille we der mar fan útgean dat it noch altyd reint as dit gedicht ferskynt? It waar kin ús yn ‘e hûs twinge. Foar de ien is in finster in privacy-lek, foar de oar in ding om troch nei bûten te sjen.”

Martsje de Jong wint Fryske SLAM 2024!

28/06/2024

Martsje de Jong krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024! Dêrmei waard sy de bêste Poëzijslammer fan 2024! Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers yn De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.