Dichter fan Fryslân ‘on tour’ by middelbere skoallen yn Fryslân del

15/06/2020

Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat.

Fan hjoed ôf kinne alle middelbere skoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende skoaljier (’20 – ’21).

De Dichter fan Fryslân biedt ferskillende lesprogramma’s oan oer poëzij en literatuer, yn kombinaasje mei muzyk en fideo. De lesprogramma’s bestean út in optreden en in les yn ien.

De Dichter fan Fryslân bringt op in tagonklike en humoristyske wize, syn foar in grut part eigen ferhaal. Dat is in ferhaal oer syn middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. Sjoch foar mear ynformaasje oer it skoalprojekt, of foar it boeken fan in fergees skoaloptreden: www.dichterfanfryslan.nl/skoaloptreden/.

Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

25/05/2023

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

De Dichter fan Fryslân organisearret in Fryske SLAM!

03/05/2023

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.