Gedicht Dichter fan Fryslân opnommen yn de blomlêzing ‘Mijn overbuurvrouw is een meeuw’

10/02/2021

It gedicht ‘Ferkâlden / Verkouden‘ fan Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, is opnommen yn de blomlêzing ‘Mijn overbuurvrouw is een meeuw’, in blomlêzing út de ynstjoerings op coronagedicht.nl.

De blomlêzing (162 siden, €14,95), mei troch Tsead Bruinja en Wim van Til selektearre coronagedichten, is te bestellen fia www.liverse.nl of fia verkoop@liverse.nl.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.