Premjêre tredde poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Asman’

01/03/2021

Juster gie op Omrop Fryslân TV de tredde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De tredde poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Asman’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

Asman‘ is skreaun ta eare fan 150 jier stedsreiniging yn Ljouwert foar Stichting Poëzietableaus Leeuwarden. Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Leewarders: Anne Feddema. Oersetting nei it Ingels: David Colmer.

 

Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

20/09/2023

Op tongersdei 5 oktober organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom.

Earste eksimplaren poëzijposters Dichter fan Fryslân foar Beyers Naudé

15/09/2023

It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hie hjoed de eare om de earste eksimplaren fan de poëzijposters fan de Dichter fan Fryslân yn ûntfanst te nimmen. By de offisjele oanbieding wienen ek de winners fan de poëzijposter-wedstriid oanwêzich.