Dichter fan Fryslân op ynternasjonaal poëzyfestival Transpoesie yn Brussel

01/10/2020

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries docht dit jier mei oan de tsiende edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie yn Brussel. Fanwegen de koroanakrisis sil it festival folslein digitaal ferrinne.

Op 14 oktober sil De Vries fia in live-stream fertelle oer syn wurk en sille der earder opnommen gedichten fan him toand wurde mei oersettings yn it Nederlânsk, Frânsk en Ingelsk. De oare dichters binne Cornelia Hülmbauer (Eastenryk), Marina Kazakova (België), Kamila Janiak (Poalen), Iona Lee (Skotlân) en Maxime Garcia Diaz (Nederlân) te hearren wêze. Petearlieder is Sofie Verraest, in Belgysk dichteresse. It is om 20:00 oere live te folgjen op de Facebook-side fan Transpoesie.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.