Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, op Dichters in de Prinsentuin 2020

01/07/2020

Nyk de Vries is ien fan de hast 70 dichters dy’t meidocht oan de alternative edysje fan Dichters in de Prinsentuin. It festival fynt dit jier plak yn it wykein fan 10 o/m 12 july.

Troch de koronamaatregels is der diskear in alternatyf programma gearstald. Sa sil der in festival op papier ferskine as bylage fan de Groene Amsterdammer en wurdt it fia de app VERS mooglik om gedichten te belústerjen yn de Grinzer Prinsentuin en Ommelanden sadat it publyk in eigen festival en poëzijrûtes gearstalle kin.

Mear ynformaasje fia: https://www.noordwoord.nl/dichtersindeprinsentuin/

 

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.