Dichter fan Fryslân-gedicht ‘Anne en Arie’ yn fideokomplilaasje UNESCO Ynternasjonale Memmetaaldei

10/02/2021

Op snein 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaledei. It NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) makket foar dit jier in meartalige fideokompilaasje fan sprutsen kulturiele uterings yn lytse talen. Ek de Dichter fan Fryslân is frege om in bydrage te leverjen. De Dichter fan Fryslân leveret in bydrage yn ‘e foarm fan de Fryslân fan Boppen-fideo fan it gedicht ‘Anne en Arie‘.

De fideokompilaasje is op snein 21 febrewaris online te sjen fia it NPLD en de Facebook-side fan Dichter fan Fryslân.

Eksposysje omslaggen Fryske dichtbondels: ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

04/07/2025

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. Dichter fan Fryslân Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.