Anne en Arie

Fannacht yn in dream
bin ik it strân oprûn

Fannacht einlik in foet
út dat stille tehûs

Fannacht op it strân stie
myn SOS der samar:

Wannear Anne
kinne we wer krûpe?

 

 

 

Dit gedicht is skreaun foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ en is útskreaun oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen. Foar ‘Fryslân fan Boppen’ koene minsken in boadskip op ‘e grûn meitsje om de ynwenners fan Fryslân in hert ûnder de riem te stekken. Twa wiken lang fleagen alle wurkdagen drones boppe de provinsje om dy boadskippen en minsken te filmjen. De bylden waarden útstjoerd op Omrop Fryslân, by de Ljouwerter Krante en op de Facebookside fan LF2028. ‘Fryslân fan Boppen’ is in inisjatyf fan LF2028, de Fryske gemeenten en de provinsje Fryslân yn gearwurking mei Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante.