Nyk de Vries is de nije Dichter fan Fryslân

21/11/2019

Nyk de Vries is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op dy’t hjoed ôfskied naam fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga, hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.


Nyk de Vries

Nyk de Vries (1971, Noardburgum) is skriuwer en muzikant. Hy wennet en wurket yn Amsterdam. Mei syn proazagedichten treedt hy geregeld by literatuer- en teäterfestivals op yn binnen- en bûtenlân. Hy skreau ek ferskate romans en poëzybondels. Ein 2011 ferskynde syn bondel ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Yn 2013 ferskynde ‘Glans’, in proazaferhaal oer syn tiid as wurknimmer fan Ikea Grins. Syn boek Renger út 2016, dat yn it Nederlânsk likegoed as yn it Frysk útkommen is, wie yn 2019 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. Syn proazagedichten binne ek geregeld te hearren op radio 1 yn it programma Studio Idzerda.

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries: “Dit dichterskip is in grutte eare en komt foar my op presys it goede momint. Ik kin mysels ek wer in protte leare. Dat is it moaiste, ast dysels op nije paden bringe kinst. Dan kin der fan alles barre”.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op dizze webside.

Gedicht Dichter fan Fryslân op foarside Leeuwarder Courant

13/02/2023

Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.