Nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

03/12/2020

No snein 20 desimber giet de twadde fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De útstjoering op Omrop Fryslân TV is om 17:50 oere, foar Fryslân Dok. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde.

De twadde poëzijfilm is basearre op it krystgedicht ‘Hoe komt it moarn?’. De poëzijfilms binne ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028 en Omrop Fryslân.

‘De Hounspolder’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2025

‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

13/11/2025

‘Op Skiermûntseach’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.