Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

20/09/2023

Op tongersdei 5 oktober organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom.

It Dichtersbarren start middeis op it Aldehouster tsjerkhôf by OBE mei û.o. ‘taffeltsjedichtsje’ mei Arjan Hut, Christa Niklewicz, Syds Wiersma en Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skilderje op foardrachten mei Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Martsje de Jong, Edwin de Groot en Sigrid Kingma en der is poëtyske muzyk fan Immen.

Jûns set it Dichterskafee yn Tersoar-kafee De Gouden Leeuw útein mei de presintaasje fan it wurk fan de poëzijskilderijen en de gedichten dy’t middeis skreaun binne. Der is in lês- en ideeëntafel, in iepen poadium en muzyk fan de band Hûs fan de Skries.

Dichtersbarren Dichter fan Fan Fryslân
– Tongersdei 5 oktober
– 16.00 – 22.00 oere
– Aldehouster tsjerkhôf, kafee De Gouden Leeuw
– Tagong fergees

‘Lighten up, Kim Jong-un’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2024

‘Lighten up, Kim Jong-un’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

‘De oertocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

23/10/2024

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “‘Sykje mar út wat’sto ha wolst,’ rôp myn âldere kollega fan ûnderoan de trep. ‘Ik kom der dochs net mear oan ta om al dy bondels te werlêzen.’ Soks set my oan it tinken.”