Nij gedicht Dichter fan Fryslân

03/05/2023

‘Spjalt’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, skreau diskear in gedicht nei oanlieding fan it sluten fan kearnsintrales. Sigrid Kingma: ‘Yn Dútslân binne okkerdeis de lêste trije kearnsintrales sletten, in beslút dat al makke wie flak nei’t it yn Fukushima misgie. Hoe wolle wy oan stroom komme? De diskusje oer enerzjy giet automatysk oer miljeu en duorsumens, mar ek oer feiligens. Beide kanten tagelyk op sjen, lykas de Stiennen Man, falt net ta.’

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.