Online presintaasje ‘It bêste fan Nyk de Vries’

21/05/2021

Freed 28 maaie, in dei foar de Nationale Boekenweek, ferskynt der in nije útjefte fan Nyk de Vries, in blomlêzing mei de moaiste proazagedichten fan de Dichter fan Fryslân mei yllustraasjes fan Willie Darktrousers, alias Emiel Joormann.

De bondelpresintaasje is digitaal te folgjen. De presintaasje wurdt ynlieden troch de koarte animaasjefilm ‘Foarútgong’, dy’t Willie Darktrousers en Nyk makke ha by ien fan de ferhalen út de bondel.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.