Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.

De opdracht: skriuw in gedicht op in tema binnen in eksakt fak of saakfak. Dat mei wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy wêze. It gedicht moat dêrby as ezelsbrechje tsjinje of de lêzer op in oare manier nei de stof sjen litte.

Tip: foar ynspiraasje is de Nederlânsktalige dichtbondel Wis- en natuurlyriek fan Drs. P. en Marjolein Kool in oanrieder!

Stjoer dyn gedicht(en) yn it Frysk of in Fryske streektaal foar 28 juny nei info@dichterfanfryslan.nl. In sjuery sil de gedichten beoardielje en fiif winners oanwize. De poëzijposters sille yn it skoaljier ’23 – ’24 oanbean wurde oan alle middelbere skoallen yn Fryslân.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

‘Net op ús’, nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/10/2025

‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.