Dichter fan Fryslân te gast by WoW-sessie fan Dichter bij Leeuwarden

23/09/2020

Alle earste woansdeis fan de moanne bist wolkom by Dichter bij Leeuwarden om teksten te dielen, ynspiraasje op te dwaan, te sparren en om mei elkoar te praten wat der noch mear dien wurde kin om fan Ljouwert de stêd fan de wurdkeunst te meitsjen.

Op woansdei 7 oktober is Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân te gast op WoW fan Dichter bij Leeuwarden. De jûn begjin om 19:30. Oanmelde fia de Facebook-side fan Dichter bij Leeuwarden.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.