Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

30/09/2021

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.

De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels. (…) Dat makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat.’

De advyskommisje fan dit jier bestiet út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Hja ha wurk beoardiele dat publisearre is yn de perioade 2017 oant en mei 2020. Gewoanwei wurdt de Gysbert Japicxpriis takend oan in bondel/roman of oeuvre, mar de advyskommisje fan dit jier is fan miening dat de publikaasjes yn de Fryske media, in spesjale útjefte (as bylage by beide Fryske kranten) en op de webside fan ‘Dichter fan Fryslân’ foldwaande binne om de ienheid fan it wurk dúdlik te meitsjen.

Oer Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) wurke jierrenlang as selsstannich sjoernalist. Yn 1998 debutearre er mei Akten fan Winter (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Neist de publikaasje fan fiif poëzybondels is er op oare mêden literêr aktyf as oersetter en skriuwer fan monografyen en essays. Ek wurket er gear mei byldzjend keunstners en skriuwt er al jierren op syn eigen bloch.

Eeltsje Hettinga as ‘Dichter fan Fryslân’
Eeltsje Hettinga waard as earste ‘Dichter fan Fryslân’ beneamd mei as doel om as ambassadeur op  moderne en útnûgjende wize soarch te dragen foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân en aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzy. Yn dy perioade (2017-2019) skreau er hast tritich gedichten.

Oer de Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre ûnderskieding foar oarspronklik Frysk literêr wurk en wurdt sûnt 1947 útrikt. De priis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t dêrfoar advisearre wurdt troch in kommisje. De twajierlikse priis is it iene jier foar Frysktalich proaza en it oare jier foar Frysktalige poëzy. Nammejouwer fan de priis is Boalserter Gysbert Japicx (1603-1666). Dy skriuwer wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as moderne skreaune taal. Foar de edysje fan dit jier is keazen om net mei nominaasjes te wurkjen. Tresoar fiert de organisaasje fan de priis út.

Oer de útrikking
De Gysbert Japicxpriis wurdt sneon 6 novimber útrikt yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. De priis bestiet út in oarkonde, 10.000 euro en der komt 5.000 euro beskikber om it wurk oersette te litten. Yn de wike foarôfgeand oan de priisútrikking wurdt troch Tresoar en oare organisaasjes in literêre wike mei ferskate aktiviteiten organisearre. Dêroer folget meikoarten mear ynformaasje op de webside fan Tresoar.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.