Nij gedicht Dichter fan Fryslân

20/07/2022

‘De wierheid’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de patstelling op it stuit yn de stikstofkrisis. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘De stikstofkrisis hâldt politisy en boeren dwaande. Belanghawwenden stean tsjinoer elkoar wylst de ko as sûndebok brûkt wurdt. It liket in patstelling. Soms freget in probleem om kreatyf omtinken. Wat wol de ko eins? Soe dat net in stap foarút wêze?’

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op dizze webside.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.