Earste eksimplaren poëzijposters Dichter fan Fryslân foar Beyers Naudé

15/09/2023

It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hie hjoed de eare om de earste eksimplaren fan de poëzijposters fan de Dichter fan Fryslân yn ûntfanst te nimmen. By de offisjele oanbieding wienen ek de winners fan de poëzijposter-wedstriid oanwêzich.

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen en de sichtberens fan Fryske poëzy op skoallen te fergrutsjen, skreau de Dichter fan Fryslân 2021-2023, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten binne as posters opmakke en foarmjûn troch Silke Boersma.

Hjoed krije alle middelbere skoallen yn Fryslân de Fryske postergedichten fan de Dichter fan Fryslân tastjoerd. De Dichter fan Fryslân skreau sels ek in gedicht foar de poëzijposters. De oare gedichten binne skreaun troch Bauke Vermaas, Lara Kool-de Vries, Sietske Boonstra, Berber Spliethoff en Neeltje Terpstra en binne werom te lêzen op dizze webside.

‘De Hounspolder’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2025

‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

13/11/2025

‘Op Skiermûntseach’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.