www.fryskdiktee.nl.

" />

De Dichter fan Fryslân skriuwt it Grut Frysk Diktee

03/02/2020

Nei it sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt der dit jier op tiisdeitejûn 21 april wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. It diktee wurdt diskear skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.

Wa’t meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee 2020 moat him yn it foar kwalifisearje. Dat kin troch mei te dwaan oan it kwalifikaasjediktee tusken 17 febrewaris en 16 maart op de website fan it Grut Frysk Diktee: www.fryskdiktee.nl.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.