Nij gedicht Dichter fan Fryslân

02/05/2022

‘Wjuklam’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de misstannen dy’t oan it ljocht kamen rûn it tv-programma ‘The Voice of Holland’ en de uterings fan Johan Derksen yn it tv-programma ‘Vandaag Inside’.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘Der komt gauris in ferhaal oer seksueel misbrûk boppe tafel dat net ûnderdocht foar De Smearlappen fan Anne Wadman. Wat fan ‘t jier begûn mei in dickpic is útrûn op in hiele rige skandaalferhalen. Op it stuit hâldt Johan Derksen de bychtstoel beset. Tiid foar in poëtyske reaksje.’

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op dizze webside.

Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

25/05/2023

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

De Dichter fan Fryslân organisearret in Fryske SLAM!

03/05/2023

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.