Winners Poëzijposter-wedstriid Dichter fan Fryslân bekend

07/08/2023

Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.

Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek dat de fiif bêste gedichten elk by in oar fak hearre. It doel fan it projekt is om de sichtberens fan Fryske poëzy yn it fuortset ûnderwiis te fergrutsjen. Dat ik hoopje dat de skoallen de poëzijposters in moai plakje yn de leslokalen gunne.’

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, skreau de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak, lykas wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten sille as posters opmakke en foarmjûn wurde troch Silke Boersma.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

 

 

π

Soest fan in
sirkel
de maten witte wolle
diameter
dûnsje litte mei de omtrek
brûk dan it teken, in lang geheim nûmer eins
koartwei PI
It is ferneamd, transendint, irrasjoneel, útwrydsk
en dochs tagelyk folslein normaal
want eltse desimaal
stiet der like faak yn
efter de komma in ûneinich hielal fan sifers
Mei it oantal wurden datst yn eltse rigel lêst
hat dit gedicht al trettjin desimalen ûntbleate.

Bauke Vermaas

 

 

Ierdrykskunde

Wer in min sifer foar ierdrykskunde.
Ik begryp der neat fan.
Ik wit krekt in soad oer oare kultueren.
Let mar op hjir komt it dan.

Ik hâld fan nasy en fan bamy,
mei kroepoek en satee.
Ik bin sljocht op pizza of lasanje,
tsjin in kurry sis ik gjin ‘nee.’

Ik spylje doedelsek en djembee.
Ik bin Jodelkampioen.
Ik dûnsje de salsa en de polka
en rydt op in riksja rûn.

Ich feiere die oktoberfesten,
gean nei crismas carols hjir en dêr.
Sjit fjoerwurk ôf mei sineesk nijjier.
Yn french kissing bin ik in ekspert.

Sis no sels
Ierdrykskunde en ik binne ien.
Dit multykulturele talint
fertsjinnet in grouwe tsien!

Berber Spliethoff

 

 

Motivaasje

Hokker atoom?
Ik wit it net
want ik sjoch nei dy

Hokker gas?
In djippe sucht
do sjochst net nei my

Wer in fiif foar skiekunde
it is dochs net te leauwen?!
Dat moat ik al ferbetterje

Want miskien as ik goed op let
kin ik de gemyske reaksje
tusken ús wól berekkenje

En hawwe wy úteinlik dy gemy
dan moat ik dêrnei gau
myn bêst mar dwaan foar biology

Lara Kool-De Vries

 

 

Stille leafde

ik tink de hiele tiid
oan har

as ik yn ’e sliep fal
as ik myn húswurk doch
as ik nei skoalle ta fyts

har blauwe eagen
har blonde krollen
har kûltsjes yn ’e wangen
as se laket

har bloskes
as it yn de les
oer hormoanen
en fuortplanting giet

ik kin allinnich mar
nei har sjen
en hoopje
dat se my net oansprekt

bang dat der neat útkomt
as se my in beurt jout

myn biologylearares

Sietske Boonstra

 

 

Yn de takomst

Ik wie hjoed te let
by skiednis
mefrou wie net sa bliid
snap ik
By skiednis
is it net de bedoeling
datsto yn de takomst komst

Neeltje Terpstra

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/07/2024

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Sille we der mar fan útgean dat it noch altyd reint as dit gedicht ferskynt? It waar kin ús yn ‘e hûs twinge. Foar de ien is in finster in privacy-lek, foar de oar in ding om troch nei bûten te sjen.”

Martsje de Jong wint Fryske SLAM 2024!

28/06/2024

Martsje de Jong krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024! Dêrmei waard sy de bêste Poëzijslammer fan 2024! Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers yn De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.