Waarman Gerrit Hiemstra oer de klimaatkrisis yn de njoggende Rede fan Fryslân – 3 oktober 2019

03/10/2019

Gerrit Hiemstra, de waarman en meteorolooch dy’t moarn yn de Steateseal yn it Provinsjehûs yn Ljouwert de njoggende Rede fan Fryslân hâldt, is derfan oertsjûge dat it klimaat feroaret yn in ferûntrêstigjend hurd tempo, mei navenant alle gefolgen. Foar en nei de Rede lês ik in tal gedichten, ûnder mear it gedicht ‘It sonken Waad‘.

Ek al wurdt de feroaring gauris ûntkend troch alderhande, faak rjochts-populistyske groepen, wittenskiplik ûndersyk bewiist it tsjinoerstelde. Yn de Rede fan Fryslân komt Gerrit Hiemstra as wittenskipper wiidweidich op ‘e tekst oer de gefolgen fan de klimaatkrisis.

Ien derfan is it omheech kommen fan de seespegel. It iis op Antarktika raant hurder fuort as foarsein. It grutste, meast prekêre nijs kaam ferline wike fan it IPCC, it wittenskiplik panel fan de Feriene Naasjes dat seit dat, en ik sitearje NRC fan ferline wike 25 septimber “voor het eerst duidelijk [is] dat er een serieuze kans is dat de stijging van de zeespiegel in 2100 ook veel meer kan zijn. Dan praat je voor Nederland over noodzakelijke aanpassingen die je niet zomaar hebt uitgevoerd.”

By in oanwinnende útstjit fan broeikasgassen, yn it bysûnder fan CO2 tinkt it IPCC dat “op langere termijn, in het jaar 2300, de stijging op circa 4 meter uitkomt. De stijging blijft alleen onder de 1 meter als de uitstoot van broeikasgassen drastisch wordt verlaagd en opwarming zich beperkt tot 2 graden Celsius ten opzichte van de pre-industriële tijd. Een maximale opwarming van 2 graden is ook het uitgangspunt van het klimaatakkoord van Parijs uit 2015.”
Wilens wurdt oeral yn de wrâld demonstrearre, mei de dapppere, mar troch har tsjinstanners drok demonisearre Greta Thunberg foarop. Ien fan de grutte fragen by de klimaatkrisis seit: wurket it delsetten fan alderlei horrorsenario’s, hoe wittenskiplik dy ek ûnderboud wêze meie, fataal ferlamjend of is it krekt dêrtroch dat net allinne in minderjen fan de útstjit fan broeikasgassen écht needsaak wurdt, mar ek it feroarjen fan ús eigen hanneljen?

Sis it mar. Moarn by de Rede fan Fryslân, dêr’t ik in tal gedichten foardraach, sil waarman Gerrit Hiemstra sûnder mis witte litte dat it, sa’t er dat koartby foar Omrop Fryslan sei, no wier tiid is om keuzes te meitsjen.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân, 2 oktober 2019

Sjoch ek: ‘Het verdronken Wad’ / The drowned flats

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

‘Net op ús’, nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/10/2025

‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.