Nij gedicht Dichter fan Fryslân

17/08/2019

Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Dizze wike mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei navenant alle gefolgen. Omwenjenden waard frege om fuort te wêzen fanwegen de radio-aktive straling. It binne ûntjouwings yn in moanne dêr’t yn betocht wurdt dat 74 jier ferlyn de atoombom op Hiroshima en Nagasaki foel. Underdiel fan de nije wapenwedrin is de ynset fan alderhande cyberwapen.

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, skreau hjirop it gedicht ‘Fat man’s tsjusternis 090845’. De Nederlânske fertaling is fan Elske Schotanus. Ek te lêzen yn de Ljouwerter Krante en op de webside fan Omrop Fryslân.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

‘Net op ús’, nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/10/2025

‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.