Wurd foarôf
Nettsjinsteande de pandemy en de tichtplicht bloeide it Fryske literêre fermidden yn de ôfrûne twa jier. Der ferskynden ferskate dichtbondels, Explore the North wist in tal ynteressante produksjes op poaten te setten en de dichterskollektiven Rixt en Dichter bij Leeuwarden sloegen harren wjukken fierder út mei prachtige projekten, lykas in gearwurking mei Deenske dichters en in bondel dy’t troch hiel Ljouwert hûs oan hûs ferspraat waard. Dêrnjonken beaen de tydskriften Ensafh, Fers2 en de Moanne online en offline in poadium foar nije poëzij. Ek it projekt ‘Wjerspegelje’ fan Merk Fryslân en Ljouwert Unesco City of Literature bleaune net ûngemurken.
As twadde Dichter fan Fryslân makke Nyk de Vries yn de ôfrûne jierren yndruk mei syn ferfilme gedichten en live foardrachten. Hy brocht de poëzij nei de jongerein troch op skoallen op te treden en bestriek mei syn gedichten in breed palet oan ûnderwerpen fan Rôze Sneon oant it 150-jierrich bestean de stedsreiniging Ljouwert. De Vries wie de opfolger fan Eeltsje Hettinga. Hettinga kriget fan ’t jier de Gysbert Japicxpriis foar syn wurk as Dichter fan Fryslân, omdat hy, neffens de sjuery, himsels yn ‘hast alle gedichten op ‘en nij’ útfynt, ‘lykas hy dat earder ek al die by al syn bondels.’
Proseduere
It is de tredde kear dat der in Dichter fan Fryslân beneamd wurdt. Nei de publyksstimming fan de earste edysje, hat de provinsje keazen foar it gearstallen fan in kommisje dy’t de Provinsje advisearret.
Kritearia
De kommisjeleden stjoerden inoar alderearst listen mei dichters dy’t sy geskikt achten en bepraten harren befinings yn in tal sesjes. De kommisjeleden follen dêrnei foar alle dichters digitale siden mei gedichten en filmkes, sadat alle leden harren fierder yn it wurk en de wurkwize fan de kandidaten ferdjipje koene.
Dy kandidaten koene sawol Frysk- as Nederlânsktalige dichters wêze, of dichters dy’t meardere talen tagelyk brûkten. Kwaliteit, orizjinaliteit en ferskaat kamen op it aljemint, op papier en dêrbûten. Wy liezen, harken en seagen nei foardrachten, resinsjes en ynterviews en ynformearren inoar oer hoe’t ús favoriten oare keunstfoarmen by harren wurk wisten te beheljen en hoe’t sy harren ferhâlden ta de aktualiteit. Dêrnjonken moast de Dichter fan Fryslân foar ús immen wêze dy’t de ynteraksje mei it publyk opsiket, dy’t sa no en dan ‘fan it poadium ôfstapt’.
Skets fan de Dichter fan Fryslân
De aktualiteit seagen wy hiel faak weromkommen by de ‘moannegedichten’ fan dichterskollektyf Rixt en by gastoptredens fan leden fan Dichterbij Leeuwarden yn de talkshow Iepen Up fan Omrop Fryslân. Dêrnjonken harken wy nei podcasts, dêr’t dichters yn ynterviewd waarden, genoaten wy fan in EP op Spotify, wêrby’t muzyk smaakfol kombinearre waard mei in rauwe pasjonearre foardracht, beseagen wy in clip wêryn’t de Olympyske sporters wolkom thús hjitten waarden en liezen wy oer ‘fantastic plastic’ en de syktocht nei in faksin.
De kommisje keas úteinlik foar Sigrid Kingma as kandidaat foar de titel fan Dichter fan Fryslân.
Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk en debutearre yn 2016 mei de bondel Reade triedleas by útjouwerij Frysk en Frij. Ien fan de kommisjeleden beskreau har wurk sa: “Sigrid Kingma presintearret harsels fol oertsjûging. Se sjocht je rjocht oan by har foardracht: se komt binnen. Har gedichten binne tagonklik, mar se hantearret net de meast foar de hân lizzende wurdkar. De poëzij fan Kingma is fan no, mar komt boppe it deistige út. It is ierdske poëzij mei in djippere laach.” In oar sjuerylid neamde har gedichten “helder en ferheljend, boartlik en persoanlik.”
By de earste ferkiezing foar de Dichter fan Fryslân hie Kingma al ynteresse yn de titel. Se stjoerde in gedicht yn dat mei de gedichten fan Meindert Talma en Eeltsje Hettinga nominearre waard. De sjuery skreau doedestiids oer har: “In ferfrissend hjoeddeistige ynstek as tematyk foar de poëzij en ynset fan it dichterskip makket dat wy har in útdaagjende stim fûnen om Dichter fan Fryslân te wurden.”
Neffens de webside fan it Skotske poëzijfestival StAnza, dêr’t Kingma yn 2018 te gast wie, binne weromkommende tema’s yn har wurk ‘mass media, gaming, science and nostalgia.’ Dy moderne ûnderwerpen sjochst ek werom yn har blogteksten, hoewol’t der yn dy teksten fan nostalgy net folle sprake is. Op har webside fynst ek haikûs mei typografyske eksperiminten, in poëzijles foar skoallen en in oprop oan har lêzers om mei te tinken oer de ûnderwerpen foar de gedichten dy’t se as ‘Moannedichter’ fan Rixt skreau. Dy tema’s rûnen útinoar fan de wenningmerk, de útbarsting fan in fulkaan op Yslân oant parodykryptomunt Dogecoin.
Kingma stelt op har side har skriuwpraktyk iepen, doart ûnderfinings, fragen en twifels te dielen en toant har in alsidich auteur. Wy lêze ek noch oer de proazalessen dy’t se by skriuwster Jetske Bilker folget, har foarnimmen om in biografy oer berneboekeskriuwster Diet Huber te skriuwen en oer skeel mei har útjouwer by it ferskinen fan har debút. It binne allegearre foarbylden fan de alsidigens en begearigens fan dizze jonge dichter. It binne eigenskippen dy’t wy graach werom sjogge yn in dichter dy’t it amt fan Dichter fan Fryslân ferfollet. Wy binne dêrom hiel nijsgjirrich hoe’t Sigrid Kingma ynfolling jaan sil oan dat amt en winskje har in soad sukses.
Sigrid, fan herte lokwinske!
Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja (foarsitter advyskommisje Dichter fan Fryslân)