Earste skoaloptredens Dichter fan Fryslân binne boekt

26/08/2020

De earste skoallen hawwe har oanmelden foar it fergese literêre lesprogramma en optreden fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Op 22 septimber sil de Dichter fan Fryslân in lesoptreden fersoargje op Terra Wolvegea.

De Dichter fan Fryslân jout tidens syn lesprogramma antwurd op de fraach wêrom’t literatuer en poëzij sa moai wêze kinne. ‘Literatuer en poëzy giet oer dysels, oer dyn eigen libben. Oer minsken fan dyn eigen leeftyd, yn deselde stêden en doarpen as dû, mei deselde fragen en langsten.’

De Dichter fan Fryslân biedt trije ferskillende lesprogramma’s oer poëzy en literatuer foar middelbere skoallen yn Fryslân. De lesprogramma’s binne geskikt foar gruttere en lytsere groepen en bestean alle trije út in optreden en les yn ien.

Nyk de Vries bringt op in tagonklike en humoristyske wize syn (foar in grut part eigen) ferhaal. In ferhaal oer syn eigen middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.

De Dichter fan Fryslân ek fergees by jim op skoalle? Meld jim no oan!

Gedicht Dichter fan Fryslân op foarside Leeuwarder Courant

13/02/2023

Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.