Advyskommisje Dichter fan Fryslân bekend

31/07/2023

Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân? Yn novimber fan dit jier wurdt bekend wa’t yn de fuotleasten komt fan de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma.
Deputearre Steaten hawwe de advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. De kommisje bestiet fan ‘t jier út Sigrid Kingma, Ammerins Moss-de Boer en Céline Wierda.

De organisaasje oangeande de Dichter fan Fryslân leit yn hannen fan Boeken fan Fryslân. Wa’t him aanst Dichter Fan Fryslân neame mei, wurdt op 16 novimber bekend makke.

Ien kear yn ’e twa jier wurdt in nije Dichter Fan Fryslân keazen. Dy titel giet nei in dichter waans wurk heech skoart op kwaliteit, eigensinnigens en meartaligens. Affiniteit mei keunst, orizjinaliteit en presintaasje wurde troch de kommisje ek beoardiele. Mei de beneaming fan de Dichter Fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy yn it Frysk of in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân is ambassadeur fan de Fryske poëzij en skriuwt seis oant tsien Frysktalige gedichten by in sels keazen gelegenheid of aktuele barren.

– Sigrid Kingma is de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân en studearre Nederlânsk en Frysk oan de ryksuniversiteit yn Grins. Se stiet bekend as poadiumdichter en debutearre yn 2016 mei de twatalige dichtbondel ‘Reade triedleas/Red wireless ‘.

– Ammerins Moss – de Boer hat Ingelsk en literatuer studearre yn Grins, Dublin en Belfast en is al mear as 20 jier wurksum as juridysk oersetter. Sûnt 5 jier set se har yn foar de Fryske taal en is bestjoerslid fan It Skriuwersbûn. Ferline jier is har Fryske oersetting útkaam fan in boek fan misdieskriuwer Brian McGilloway.

– Céline Wierda is makker en kultureel ûndernimmer. Resinte wurken binne NEPEN (2021) & BLOOTLEGGEN (2022 ). Se rjochte yn 2018 keunstfestival De Broeikas op. Op it stuit rjochtet se har foar Explore the North op it poadiumkeunstprogramma en koördinaasje fan it festival. Dêrneist koördinearret se it ûntwikkelingstrajekt # NieuweStukken.

Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

20/09/2023

Op tongersdei 5 oktober organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom.

Earste eksimplaren poëzijposters Dichter fan Fryslân foar Beyers Naudé

15/09/2023

It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hie hjoed de eare om de earste eksimplaren fan de poëzijposters fan de Dichter fan Fryslân yn ûntfanst te nimmen. By de offisjele oanbieding wienen ek de winners fan de poëzijposter-wedstriid oanwêzich.