" />

Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Begjin’

09/11/2020

Juster gie op Omrop Fryslân TV de earste fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

 

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.