Dichter fan Fryslân-krante yn in oplage fan 77.000

22/11/2019

Alle abonnees fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad krije hjoed de Dichter fan Fryslân-krante yn ’e brievebus. Mei in oplage fan 77.000 stiks slút Eeltsje Hettinga syn dichterskip as Dichter fan Fryslân ôf en bringt er mei in grutte seleksje fan syn Dichter fan Fryslân-gedichten de poëzij oan ’e doarren. Yn dizze spesjale bylage ek in ynterview mei de nije Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.

Fan nije wike ôf oan is de Dichter fan Fryslân-krante ek te krijen yn boekhannels en bibleteken rûnom yn ‘e provinsje.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.