info@dichterfanfryslan.nl oant 15 maaie of oant de ynskriuwing fol is. Alle dielnimmers wurde yn de oanrin nei de slam yntrodusearre yn podcasts. Hâld rekken mei twa foardrachten fan elk maksimaal 3 minuten, en in repetoire foar de finale: yn 7 minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.

Nim dyn fans, famylje en freonen mei. Tagong is fergees en oanmelde is net nedich. Wy tidigje op ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Oant dan!

De Fryske SLAM! wurdt organisearre yn gearwurkinge mei Explore the North. Leeuwarden UNESCO City of Literature en Tresoar.

" />

De Dichter fan Fryslân organisearret in Fryske SLAM!

03/05/2023

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.

It is in klassike slam, wat betsjut dat it publyk kiest wa’t de bêste foardrager is troch hieltyd twa stimmen wei te jaan oan de favoriten. Der binne trije rondes: foarronde (alle 10 dielnimmers), twadde ronde (5 meie troch) en de finale (2 finalisten yn in duel). Tusken de earste en twadde ronde troch is der in bysûnder yntermezzo mei Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân 2019-2021 dy’t nij wurk hearre litte sil. Dat ûnder it genot fan boarrelhapkes wylst de stimmen teld wurde. De finalist dy’t de measte roazen ûntfangt fan it publyk, wint de slam en in bedrach fan €500,-.

As dielnimmer opjaan foar de slam kin fia: info@dichterfanfryslan.nl oant 15 maaie of oant de ynskriuwing fol is. Alle dielnimmers wurde yn de oanrin nei de slam yntrodusearre yn podcasts. Hâld rekken mei twa foardrachten fan elk maksimaal 3 minuten, en in repetoire foar de finale: yn 7 minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.

Nim dyn fans, famylje en freonen mei. Tagong is fergees en oanmelde is net nedich. Wy tidigje op ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Oant dan!

De Fryske SLAM! wurdt organisearre yn gearwurkinge mei Explore the North. Leeuwarden UNESCO City of Literature en Tresoar.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/07/2024

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Sille we der mar fan útgean dat it noch altyd reint as dit gedicht ferskynt? It waar kin ús yn ‘e hûs twinge. Foar de ien is in finster in privacy-lek, foar de oar in ding om troch nei bûten te sjen.”

Martsje de Jong wint Fryske SLAM 2024!

28/06/2024

Martsje de Jong krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024! Dêrmei waard sy de bêste Poëzijslammer fan 2024! Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers yn De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.