Dichter fan Fryslân iepenet nij online kultuerpoadium

21/03/2020

It is Wrâld Poëzijdei en hjoed om 15:00 oere iepenet de Dichter fan Fryslân​ it nije online kultuerpoadium fan Leeuwarden-Fryslân 2028​ mei û.o. de foardracht fan syn nijste gedicht ‘Ferkâlden’, dat er skreau nei oanlieding fan de Corona-krisis.

No’t teaters, poppoadia, kroegen, diskoteken en doarpsgebouwen sletten binne, betsjut dat fansels net dat keunst en kultuer ferdwûn binne. Dêrom iepenet #LF2028 hjoed in online Facebook-kultuerpoadium. Spesjaal foar makkers, lústerers, sjoggers en kreativen. Wa’t meidwaan wol oan it online kultuerpoadium kin syn of har bydrage stjoere nei content@lf2028.eu.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.