info@dichterfanfryslan.nl. Jo Corona QR-koade sil by de yngong skend wurde. Der kinne maksimaal 75 minsken yn ‘e seal. Tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding.

" />

Lêste gedicht Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân

13/10/2021

Hjoed ferskynde alwer it lêste gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Diskear in gedicht spesjaal yn it teken fan Rôze Sneon, it gedicht ‘Call me by your name’. It gedicht waard ek publiseard yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân. De Nederlânske oersetting is makke troch de dichter sels. De Ingelske oersetting is fan David Colmer.

Op freedtemiddei 12 novimber om 16:00 (ynrin 15:30 oere) oere wurdt tidens Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sietske Poepjes, nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel ‘Asman’.

Jo binne fan herte wolkom om dêrby oanwêzig te wêzen! Oanmelde kin fia info@dichterfanfryslan.nl. Jo Corona QR-koade sil by de yngong skend wurde. Der kinne maksimaal 75 minsken yn ‘e seal. Tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.