Premjêre twadde poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Hoe komt it moarn?’

21/12/2020

Juster gie op Omrop Fryslân TV de twadde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De twadde poëzijfilm is basearre op it krystgedicht ‘Hoe komt it moarn?’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

 

‘De Hounspolder’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2025

‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

13/11/2025

‘Op Skiermûntseach’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.