Nij gedicht Dichter fan Fryslân

16/11/2022

‘Tongebrekker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘In dichter hat ellinde nedich om oer te skriuwen, sizze se. Mar der is ek soks as tefolle kar-út. Foar wa’t it allegear net mear byhâldt, biedt de Dichter fan Fryslân in rymjend oersjoch fan wat der oan nijs út binnen en bûtenlân op ús ôfkommen is de lêste tiid’.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op dizze webside.

Gedicht Dichter fan Fryslân op foarside Leeuwarder Courant

13/02/2023

Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.