Dichter fan Fryslân skriuwt gedicht foar ‘Bosk’ fan Arcadia

14/06/2022

‘Swalker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘Projekt Bosk is in mearke-eftige belibbing. It grien yn Ljouwert hat in bysûndere útwurking op foarbygongers. Minsken strike der as fûgels del en rinne sigesaagjend en fluitsjend troch nei harren wurk of ôfspraak. By Bosk heart poëzij.’

Op tongersdei 7 july sil de Dichter fan Fryslân tegearre mei dichters fan it dichterskollektyf RIXT en Dichter Bij Leeuwarden û.o. it gedicht ‘Swalker’ foarlêze op it Boskpodium yn Obe, Ljouwert.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.