Poëzijfideo ‘Spegel’ Dichter fan Fryslân yn premjêre

20/04/2021

Snein 25 april giet der wer in poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in ferfilming fan it gedicht ‘Spegel’. It gedicht is skreaun foar it projekt ‘Wjerspegelje’ fan Merk Fryslân en Leeuwarden City of Literature.

De fideo is te sjen om 17:50 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. De fideo is in dei letter ek te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, fia Leeuwarden City of Literature, LF2028, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

‘De Hounspolder’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2025

‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

13/11/2025

‘Op Skiermûntseach’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.