dêr stean ik wer
mei de hannen ûnder de kraan
inkeld in pear tellen duorret it
en toch far ik samar in ein hjirwei
wylst rûnom de wrâld raast en rabbet
en ús sa’t it skynt tsjinoer inoar set
lit ik graach it seil even sakje
om my yn ’e lijte
oan dyn eachwink
oer te jaan