Joost Hiddes Halbertsma is, sa lit Alpita de Jong sjen, sûnder mear de grutste Fryske skriuwer en dichter fan de 19de iuw, in kosmopolyt avant la lettre dy’t as taalwittenskipper en menist predikant rûnom yn ’e wrâld syn kontakten hie. De bakkerssoan út Grou studearre yn Amsterdam en Heidelberg.

Mei syn bruorren Eeltsje en Tjalling wie hy ûnder mear ferantwurdlik foar de wilens klassike Rimen en Teltsjes, in samling folksferhalen, mearkes, gedichten en gearspraken. Halbertsma toande him yn ferhalen as ‘It Heksershol’ in grut humorist. Satire en spot pasten syn frije en ûnôfhinklike geast.

De bruorren joegen mei harren wurk in nije ympuls oan de Fryske literatuer. Yn syn tiid as predikant yn Boalsert en letter yn datselde amt yn Dimter kaam er ûnder mear oer de flier by Cornelis Salverda, de tragyske skoalmaster fan Wûns, foar waans fierder noch altyd tige lêsbere Fryske poëzij hy him sterk makke.

Halbertsma, de wrâldboarger, skreau like maklik mei de bruorren Grimm, Jacob van Lennep en Bilderijk, as mei de steatsman Thorbecke, by wa’t er ek oer de flier kaam. Hy korrespondearre mei de wichtichste taalgelearden fan Europa oer wittenskip en polityk, besocht yn syn lange libben – hy waard hast tachtich – Londen, Parys en Rome en socht tusken de bedriuwen troch út en troch rêst op de erve famyljepleats fan syn frou, krekt ûnder Warkum.

‘In geweldich boek’
Alpita de Jong (1962) set it wurk fan Halbertsma yn in brede sosjaal-ekonomyske en kulturele kontekst. Hy wurdt by har, om sa mar te sizzen, in Fryske Europeaan. De libbene styl dêr’t se it alsidige libben en wurk fan Halbertsma mei út ’e doeken docht, en de ôfwikseling tusken ferskillende ferhaallinen, soargje derfoar dat it ryk yllustrearre, troch Monique Vogelsang foarmjûne boek – it hat 600 siden – bepaald net toar of saai wurden is.

‘Ooit had hij [Halbertsma, e.h.] twee weken opgesloten gezeten,’ sa begjint Alpita de Jong it sub-haadstik ‘Bravour en bittere tranen’, ûnderdiel fan it haadstik Nederland-Europa: Tumult, ‘vanwege een noordwesterstorm die maar niet wilde gaan liggen. (…) Hij had toen zijn redevoering over Cornelis Salverda op papier gezet. Het was nu winter en alweer raasde er een storm over het land. En alweer nodigde het natuurgeweld uit tot schrijven.’

Boeddha
Halbertsma wie aktyf op mannich mêd. Nederlân wie er bygelyks de earste dy’t oer it boeddhisme publisearre. Yn 1843 kaam er mei it boek Het Buddhisme en zijn stichter. As doperske dominy jage er syn meikristenen dermei op stang, wist er. It koe de frijgeast dy’t Halbertsma wie net deare. Syn belangstelling foar Boeddha wie net sasear bepaald troch de religy, mar troch de taal, it Sanskrit, dy’t hy op in wûnderlik yngenieuze wize mei it Frysk as Yndo-Germaanske taal wist te ferbinen.

Atte Jongstra skreau yn NRC-Handelsblad: “Voor een biograaf is hij zo ongeveer een ideaal onderwerp. Hij staat midden in de wereld, is ontzaglijk ambitieus, heeft contact met vele groten van zijn tijd, zijn leven is kleurrijk, beweegredenen en psychologie (bergen en dalen) roepen de nodige vragen op. Alpita de Jong zette er haar tanden in en schreef een geweldig boek. Nuchter, helder, met smaak voor het ‘uitmiddelpuntige’.”

‘Ferskaat’
Nettsjinsteande alle lofuterings foar de yn 2018 ferskynde biografy – twa kilo swier, tsien jier wurk – kaam der gjin nominaasje foar de Piter Jelles-priis fan de gemeente Ljouwert, in literêre priis foar sawol Frysktalige as Nederlânsktalige wurken, wêr’t of troch de taal of troch it ûnderwerp in relaasje mei Fryslân yn ta utering komt.

Feitliken giet it om in brede kultuerpriis. Alle sjenres telle mei. Predikant-histoarikus J.J. Kalma krige de priis ea foar syn Troelstra-bibliografy, Hartog Beem foar syn artikels en boeken oer it Joadske libben yn Nederlân en skriuwer-dichter Aggie van der Meer ûntfong de priis yn 2011 foar har wilens klassike roman Oerfeart.

Sjuery Piter Jelles-priis 2019: Goffe Jensma, Kirsten van Santen, Coen Peppelenbos.

De sjuery fan ‘de Piter Jelles’, dy’t dit jier bestie út skriuwer Coen Peppelenbos, sjoernaliste Kirsten fan Santen en Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde, kaam mei in list fan net minder as alve nominearren. In kwantitatyf bepaalde kar, bedoeld om, sa seit de sjuery, it ferskaat fan it Fryske literêre fjild sjen te litten.

Tombola
Wilens sjogge skriuwers en lêzers nei in tombola fan nominearren, in spul fan net te fergelykjen grutheden. In mei in knoarre propagandajild ta stân kommen fjouwertalige útjefte lykas it yn de hjerst fan 2018 ferskynde Poetic Potatoes, giet boppe de mei fiif stjerren bekroande biografy fan Joost Halbertsma.

Yn myn bloch oer de moard op de Malteeske sjoernaliste Daphne Galizia skreau ik foarige moanne (17-10) oer Poetic Potatoes, in útjefte dy’t it resultaat wie fan in útwikselingsprojekt tusken Malta en Fryslân: ‘Yn de begeliedende redaksjonele ynliedings en kommentaren by de útjefte waard ta fernuvering fan mannichien mei gjin wurd rept fan de politike wantastannen op Malta. Frijwat ferbjusterjend nei alle kommoasje fan in heal jier earder.’

Net te fergelykjen
De Piter Jelles-sjuery hat de klam lizze wollen op it ferskaat fan it Fryske Literêre fjild. Dat hâldt yn dat in toanieltekst as Oera Linda: The mjoesikul, mei basearre op it proefskrift De Gemaskerde God. François Haverschmidt en het Oera Linda-Boek fan Goffe Jensma, it opnimme moat tsjin bygelyks de leafdesgedichten fan Sipke de Schiffart.

It sjenre fan de biografy, in net safolle beoefene, mar stadichwei op gong kommend sjenre yn de Fryske literatuer – ôfrûne maitiid ferskynde fan âld-heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Philippus H. Breuker de mânske biografy Dreaun fan ierde’ dream oer de Fryske dichter Obe Postma – foel by dizze sjuery bûten de boat.

Benijd op grûn fan hokker arguminten de rûnom priizge Halbertsma-biografy fan Alpita de Jong bûten de Piter Jelles-doar litten wurde moast. In foarm fan Fryslân op syn smelst? Yn elk gefal in miskleun fan komsa.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân

‘De lapekoer fan Gabe Skroar’ (1822) mei in opdracht fan Joost Halbertsma oan Willem Bilderdijk. Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man Joost Halbertsma 1789-1869, haadst. II, s. 119.

" />

It esjek fan de Piter Jelles-priis 2019

05/11/2019

De biografy ‘Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869′ fan kultuerhistoarikus en letterkundige Alpita de Jong krige it ôfrûne jier loovjende resinsjes: in fiifstjerreresinsje yn NRC-Handelsblad, lof en hulde yn Trouw en op Biografieportaal. Soartgelikense lofprizings by literatuerresinsint Jelle van der Meulen. Dochs krige de biografy dit jier gjin nominaasje foar de Piter Jelles-priis fan de gemeente Ljouwert.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.