https://www.poetry.nl/nl/festival/nyk-de-vries-artvark-saxophone-quartet.

" />

Dichter fan Fryslân op Poetry International Rotterdam

21/05/2021

Spesjaal foar Poetry International makke Nyk de Vries, tegearre mei it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet, de poëtyske muzykfoarstelling ‘TAGELYK’. De foarstelling is yn it Nederlânsk en it Frysk en is ûnderdiel fan it iepeningsprogramma fan Poetry International op freed 11 juny.

Op snein 6 juny jout de Dichter fan Fryslân in try-out yn de Lawei yn Drachten. Op freed 11 en sneon 12 juny is de foarstelling ek te sjen yn Theater Walhalla yn Rotterdam. Kaarten en mear ynformaasje fia https://www.poetry.nl/nl/festival/nyk-de-vries-artvark-saxophone-quartet.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.

‘Smoarch ljocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

19/02/2025

‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.